Nico en Aeltsje 20 jier bakker en bakkerinne yn Stiens

0
2648

Op 1 augustus fan dit jier, wie in 20 jier lyn dat wy de bakkerij oan it Achterbosk yn Stiens oer namen fan Johannes en Lieuwkje Bijlsma. Wy ha dit fierd mei in moarnsbrochje fergees foar dyjinge dy’t yn pyjama yn de winkel kaam!

Mear as 40 “pyjamaminsken” kamen yn de winkel tusken healwei achten en njoggen oere. En gesellich dat it wie! Mar hjirmei is it noch net dien. Wy wolle nochris in berop op jimme dwaan…Dizze simmer ha wy aksje fierd foar in projekt foar in bakkerij yn Budaka (Oeganda). Dit ûnder de flagge fan de stichting “Bake for Life”. Us doel is, om in transportmiddel by elkoar te krijen, sadat de bakkers yn Budaka harren bôleguod makliker en ek fierder fuort útsutelje kinne. Underwilens is der €4000,00 by elkoar garre troch ferskillende akjes te hâlden. In fantastysk resultaat. Mar noch ien kear wolle wy jimme freegje om ús te helpen it bedrach noch heger te krijen.

en wol mei de aksje:

HIEL STIENS BAKT FOAR BUDAKA

Op de bradery fan 3 septimber ha wy in kream. En wy wolle dan produkten ferkeapje, dy’t makke binne troch ynwenners fan Stiens en (fansels) wide omkriten. It giet dan om cake of koeke, produkten dy’t maklik hâldber binne en dy’t ek maklik te ferkeapjen binne. Uteraard is de opbringst foar it projekt yn Budaka.

De produkten kinne freed-te-middei 2 septimber ynlevere wurde by de bakkerij, it leafst mei in koarte omskriuwing. It is wol fijn as men wit wat der yn in produkt sit… De priis wurdt yn oerlis bepaald.

Wy witte seker, dat der in hiele protte bakkers yn Stiens en omkriten wenje, dy’t harren eigen spesjaliteit hawwe. En dat kinne jo no toane oan it grutte publyk!

Mar ek kinne jo it produkt keure litte troch in deskundige jury. As jo meidwaan wolle oan de koeke en cakekeuring, leverje dan in produkt ekstra yn. De winner fan dizze keuring wint in bon fan €100,00 en krijt ivige roem. It produkt, dat wint, wurdt opnommen yn it assortiment fan de winkel, mei de namme fan de makker. Fierder binne der noch twa bonnen fan €25,00 te winnen.

Elke dielnimmer kriget it juryrapport. De útslach wurdt op sneon-te-middei healwei fiven bekend makke, de juryrapporten kinne yn de wike dêrnei ophelle wurde.

Wy ha der in protte sin oan om jimme produkten oan de man te bringen op 3 septimber. No is it wurd oan alle thúsbakkers!

Echte Bakker Nico en Aeltsje de Groot.