By de Afûk binne fjouwer moaie nije rigeboekjes fan Tomke ferskynd. Foar alle seizoenen hat Geartsje Douma in moai ferhaal op rym skreaun. Luuk Klazenga soarge foar de oansprekkende yllustraasjes. De boekjes binne los te keap yn de boekhannel óf meielkoar yn in fleurige kartonnen ferpakking. En spesjaal foor alle Bildtse kines is ‘t boeky út de nije Tomke-sery, Tomke en de bijen, ók in ’t Bildts te krijen!
Yn Tomke en de bijen is it maitiid. Tomke siket blomkes foar Kornelia. Mar o nee, hy sjocht in bij. Help! Romke wol de bij pakke, mar Kornelia hâldt him tsjin. Se nimt Tomke en Romke mei nei ymker Jan, en dêr sjogge se wat bijen allegear dogge.
Yn Tomke op fakânsje it it simmer. Tomke sil mei Romke en Kornelia op fakânsje. Se ride nei de camping. Dêr is fan alles te sjen en te dwaan. Mar it moaiste is fansels it sliepen yn in echte tinte…
Yn Tomke nei de bosk is it hjerst. Yana Yu komt mei in pear pompoenen by Tomke. Dêr kinne se it hús moai mei fersiere! Kornelia nimt harren mei nei de bosk om noch mear moais te sykjen. Bledsjes, ikels, kastanjes… Wat in moaie kleuren! Wat kinst dêr allegear mei dwaan?
Yn Tomke op it iis is it winter. Der leit iis op ’e fiver! Tomke wol graach reedride, mar hy wibelt wol in bytsje… Mei in stoel giet it better, en wa kin moai op ’e stoel sitte?
It Tomke-projekt
Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprogramma foar pjutten yn it Frysk. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêzen, ferskesjongen, (taal)spultsjes dwaan en omtinken jaan oan de deistige dingen binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk.